oseedakssss

Ter gelegenheid van de opening van Other.Worldly schreef dichter Syds Wiersma een gedicht dat hij inspireerde op de Osedax, het sleutelwerk van de tentoonstelling. Dit deed hij tijdens de live-uitzending van de talkshow IepenUP, op 19 februari 2020.

 

Voorgedragen door Wiersma zelf komt het gedicht werkelijk tot leven. Ervaar het zelf!

 

O SEEDAK Ssss

Fan ljocht gjin weet
Yn it grom fan de tiid begroeven
Of is it
Yn de widze fan de see

Fermôget boarstelfolk
Us skjinne bonken
In libbensrêd yn ’t djipst besonken
Ea
Komt it wer
Omheech

Krôljen, krûpen, kreveljen

Earne bedizene mei dat frjemde hearskip
Libbensgeast

Net in plak foar Afrodite
Nee dat kâld en skimerich boaiemplebs
Noch fier fan in foetus

 

In ivichheid foar’t de skulp
Treaun fan wyn mei har deryn
Syprus fine kin

Mar god, dan hast ek wat
Har dûbelferskining fan sêft wâljend
Flaaks en fleis
Fingerspoar tusken blabzich ripe
Búk en bilbonken, drippend
De glâns fan it ôfsobbe
Ljocht fan de ribbe
Sy
Ut fallen walfisken
Nommen

Boarstelwjirms
Dêr’t ik âld en djipwei jim bleaun bin
Glydzje ik har skûl
Fan waarme hûdploaien yn

Wêr’t al mar oars
It wurd it byld it omskot
Opdold wurdt

En

Ta drinkeldeaden
Bepluze
Behimmele
Bekoarre

As wiene it de genitaliën
Fan Oeranos
Syn kastrearde himelbestoarmers

O seedak sssss
It skom út it grom

Guon djipten
Moatst noch altyd in Titaan foar ha
Wolst de fersmytlingen
Ut ’e burokrasy fan deadsingels rêde

Tiidleas fermôgjen
Oerstadige berte
Fan har hom-en-gromliif

Dat de wyn ús kant út sylt


© Syds Wiersma

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

openingstijden

dinsdag t/m zondag 11.00 - 17.00 uur.


© Fries Museum - alle rechten voorbehouden | disclaimer | privacybeleid