jacqueline spendel nije projektlieder fries museum op paad

26 juni 2023

Jacqueline Spendel wurdt per 1 oktober 2023 de projektlieder fan it projekt ‘Fries Museum op paad’. Spendel is no noch wurksum as direkteur fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Fan septimber 2024 ôf lûkt it Fries Museum fanút Ljouwert trije jier lang mei kolleksjestikken en ferhalen nei de doarpen en kearnen fan Fryslân dêr’t de kolleksje weikomt.

Direkteur Kris Callens is bliid mei de komst fan Spendel: ‘Mei Jacqueline kinne we in soad ûnderfining ynsette om it ynnovative en útdaagjende projekt ‘Fries Museum op paad’ foar inoar te krijen. De earste stap is no noch de fierdere fûnsewerving en dan fan oktober ôf soargje wy dat we echt op 'en paad kinne.’ Ek Spendel sjocht út nei har nije funksje: ‘Dat it Fries Museum mei bysûndere stikken út harren kolleksje op ’en paad giet en nei de Friezen ta komt, dat fûn ik drekst geweldich oan it plan. In unyk projekt. Ik sjoch der nei út om dêr, tegearre mei alle kollega’s, in bydrage oan te leverjen.’

Jacqueline Spendel
Jacqueline Spendel
fries museum op paad
fries museum op paad

oer jacqueline spendel

Jacqueline Spendel (52) is sûnt 2020 direkteur fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Derfoar wie sy wurksum by Omrop Fryslân yn ferskate liedingjaande funksjes. Sy wie dêr ûnder mear ferantwurdlik foar projekten as de Swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden, Lân fan Taal (LF2018), Skûtsjesilen en it Grut Frysk Diktee. Foar RTV Oost hat sy it projekt Vrijheidstour foar de fiering fan 75 jier frijheid dien. Dêrfoar wurke Spendel as einredakteur en redakteur by de VARA, de NCRV en oare publike omroppen. Har oplieding folge se oan de Academie voor de Journalistiek & Voorlichting yn Tilburg en se besette ferskate bestjoersfunksjes, ûnder oaren by de Ried fan Tafersjoch fan Museum Drachten.

oer fries museum op paad

Mei tank oan de bydrage fan 1 miljoen euro fan de VriendenLoterij sil in opfallende museumbus trije jier lang lâns hast alle Fryske plakken toere, om Friezen op ’e nij yn ’e kunde te bringen mei harren eigen erfguod. Unyk oan Fries Museum op paad is dat échte kolleksjestikken op reis gean, nei it plak dêr’t se weikomme.


It Fries Museum wurdt mei finansierd troch Wynpark Fryslân, de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de Freonen fan it Fries Museum.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

openingstijden

dinsdag t/m zondag 11.00 - 17.00 uur.


© Fries Museum - alle rechten voorbehouden | disclaimer | privacybeleid